Part #4 Bakje útskiten kofje - Reisverslag uit Jimbaran, Indonesië van Imke Leest - WaarBenJij.nu Part #4 Bakje útskiten kofje - Reisverslag uit Jimbaran, Indonesië van Imke Leest - WaarBenJij.nu

Part #4 Bakje útskiten kofje

Door: Dys en im

Blijf op de hoogte en volg Imke

21 November 2014 | Indonesië, Jimbaran

Mei in soad misselik-meitsjende kronkeldykjes op en del, binne we fan Amed yn Ubud kaam. In wat toeristysker plak yn it midden fan Bali. Te begjinnen mei in museum fan de selsynnommen keunstner Antonio Blanco, ynklusyf tropyske fûgels wêr hy fan hold. Ferfolgens Ubud yn. Dêr kinst it oantal winkeltsjes net telle en de dêrby de kreten fan de eigners om dy nei binnen te lokken. Tidens it strunen kamen we by de râne fan it Monkey Forest. De namme seit al wat dat betsjut. It wie net nedich om nei binnen te gean om de eigenwize apen te bewûnderjen. Boppe ús yn de beammen, neist ús, foar ús op it muorke en oo sa op ús hoede (Imke foaral) at der miskien samar ien efter ús siet. Gelokkich ha we it der goed fanôf brocht en mei alles noch yn de bûsen en tas. En.. mei ien dêr boppe op in skrikgrapke fan Dirk-Yde rjochting Imke. Hy koe it dochs net litte...
Nei it slenterjen wie it tiid om ús ferwenne te litten. It wie tiid foar in echte Balineeske full body massaazje!  Dit hat ús bysûnder goed befallen, hearlik fris en kompleet wer yn balâns. Mar... Dirk en Jorine, dit betsjut fansels net dat Dirk-Yde hjirtroch syn massaazje fuort strepe kin. :)

Ús hichtepunt yn Ubud wie dochs wol op de lêste dei dêr. Doe ha we in downhill fytstocht makke fanôf it Baturmeer werom nei Ubud. It earste stik hienen we hast al kramp yn de hannen fan de hânrem. We gongen doe echt allinne mar nei beneden en aardich rap. We kamen út by in plakje wêr we alle soarten kofje, sûkelarje en tee priuwe koenen. Sels de beroemde 'útskiten kofje'. De kofjebeannen wurde dêrby earst troch in wylde kat op iten en nei dat dizze it út poept hat (en skjin en iepen makke is), wurdt hjir in aardich djoer bakje fan setten. Wy ha ek efkes preaun en.. ja in goeie kofje smaak hat it. :) Wist u trouwens dat... Kaniel de bast is fan de beam? Wy wisten it net. No al!
Nei it priuwen ha we behalve down hill ek noch twa kear aardich oantraapje moatten. Twa steile hellingen dy noch gjin toerist yn ien kear helle hat (salang de gids gids is, sûnt ôfrûne augustus). Dat moast net tsjin Dirk-Yde sizze en jawol, hy hat beide hellingen helle sûnder ôf te stappen. Mei in grutte grijns en ekstra banaan as priis, as gefolch. Dêrnei ha we ek echt oan it wurk west op it lân. Sjen hoe de rys út de plant komt en sa fierder. Moai om te sjen mar ek sa waarm... De froulju wurkje op it lân en krije yn rys dêrfoar út betelle. De mannen wolle dat net en wolle allinne foar jild wurkje. De mannen binne dan ek net in soad op it lân te finen.

Nei Ubud binne we súdliker gongen. Jimbaran as einstasjon. Mear yn in surfregio en moai tichtby it fleanfjild Denpasar. Op in babyrôze motorbike binne we op paad west. Earst surfers spotte yn Uluwatu op mega hege golven. Prachtich gesicht. Dêrnei nei de 'begjinnersgolven' yn Kuta, mar wêr de krêft as noch net normaal grut is. We koenen amper de swimklean oanhâlde! Hjir ha wy ús aardich útleve kinnen, ek efkes mei in boerd. Moai wurk. 

Yntusken ha wy dêr op ôfstân it lytse wûnder fan IJje en Ilse mei krigen. It entûsjasme is oan de oare kant fan de wrâld net minder, we ha op jim proosten :) Genietsje lekker fan jim famke en elkoar..

En sa kaam der in ein oan ús earste haadstik Yndonesië. Op nei de twadde: Nij Seelân!

  • 29 November 2014 - 13:03

    Timothy:

    Koffie en kaneel! Je leert en proeft nog eens wat zeg. Door je manier van schrijven (ook al is mijn Frysk wat stroef) komen de geuren en smaken komen bijna door hierzo. Super leuk om mee te lezen! Wel heftig dat die mensen slechts in rijst krijgen uitbetaald. Hoe komen ze dan aan ander eten? Heel veel plezier bij hoofdstuk 2 en ik hoop dat Nieuw-Zeeland zo indrukwekkend zal zijn als ik beloofd had. Groetjes!

  • 29 November 2014 - 19:04

    Anny:

    Ha it al faker sein. Wur stadich oan jaloersker. Wat wer in belevenissen en wat sjoche jim in soad.
    No yn Nij Seelân, genietsje goed.
    Groetsjes us

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Imke

Actief sinds 11 Sept. 2006
Verslag gelezen: 525
Totaal aantal bezoekers 127662

Voorgaande reizen:

02 November 2014 - 16 Januari 2015

Dys en Im on tour

21 Oktober 2009 - 01 December 2009

Ben er klaar mee!

18 Maart 2008 - 18 Maart 2008

Geld inzamelen

23 December 2006 - 23 December 2007

In Europa

12 September 2006 - 13 December 2006

Going to Africa

Landen bezocht: