Part #8 Relaxed Australië
Door: Dys en Im
Blijf op de hoogte en volg Imke
23 December 2014 | Australië, Airlie Beach
Cairns is ek it plak wêr in pear dagen nei dat wy dêr wienen, in mem wol sân bern fan harsels en ien neefke om it libben brocht hat op in lugubere wize. Net te leauwen... Lyk as it 'foarfal' yn Sydney fan san wike lyn ek net te leauwen is. Noch sa fier fuort, mar dochs aardich tichtby. It libbet hjir ûnder de minsken. Ús taksysjauffeur fanôf it fleanfjild sei: "Wy hawwe dit noch nea mei makke yn dit lân, wy binne net wend dat minsken dizze oertsjûging fan in geloof hawwe". Net dat der ien is dy't hjir oan wenne kin...
Elke dei stiet der it lêste nijs oer dizze items yn de krante.
Nei Cairns binne we súdliker gongen nei Mission Beach. Dit heart al wat tropysker, en dat wie it ek. Ûnderweis op de gok nei in syddykje rjochting Josephine Falls. Dit wie efterôf in moaie gok, want it die bliken dat dit in natuerlik poeltsje wie mei op de eftergrûn in wetterfaltsje en sels in natuerlike gliidsbaan derby. Hearlike ferkoeling.
Ien kear yn Mission Beach, ha we dêr net in soad útfretten. Ek wol ris lekker. Dêr wie ferkoeling te finen yn see. Al is it wetter hjir amper koel te neammen. Swimme moat hjir yn in spesjaal 'stingernet'. It is namlik heechseizoen foar de giftige kwallen. Mei opblaasbannen en derûnder netten oant de boaiem ta, besykje se stikjes see kwal-fry te hâlden. Dêr lekker mei faktor 50 op de hûd om pierebaaie yn see, fanatyk mei in baltsje slaan en tsjin de wyn yn oergoaie. De oare deis hienen we der sels spierpine fan. Jim heare it al, de wintertraining is alwer folop dwaande. :)
Yntusken ek al twa kangeroes sjoen fanút de auto. Dea dat wol... Fierder in soad terra-reade grûn lâns de dyk en hast oeral groeit 'sugarcane' op fjilden. Heech grien reid, wat sûker op smite moat.
We bliuwe yn de tropyske hoeke. Dit kear rjochting Magnetic Island. De auto bliuwt op it droege en sels mei de ferry nei it eilân. Dêr earst rinnende nei see west om binnen it stingernet in dûk te nimmen. Oernachtsje dogge we omringet mei allegear tropyske fûgels en sels wallabies ('mini kangeroes') hipten foar ús bungalow foarby, we sjogge ús eagen út. De oare deis gongen we op paad nei ferskillende plakken op it eilân om te snorkeljen. Dit kear yn in soart Power Ranger pak. Gjin kwal krijt ús te pakken, mar ek dit kear wer gjin ien sjoen. Moai sa hâlde! Op it waarmste momint fan de dei klommen we fia rotsachtige paadsjes we nei ferskillende de wat mear rêstige (nudist?) strannen. We witte no ek wêrom sommige wat rêstiger binne ;)
It snorkeljen koe net tippe oan Yndonesië (wat gjin skande is), mar omdat it sicht minder wie, makke dat it ek wol wer spannend. Normaal sjochst de fisken oankommen, mar no kaam it foar dat fanút it neat der in joekel fan it fisk foar de neus foarby kaam. Dy fisk swom moai troch, foar nea net benaud. Wy wat mear...
Dit berjocht komt fanút Airlie Beach. Om hjir te kommen, Imke ek mar efter it stjoer. Dat hie se dochs al earder dien? Ja, mar net yn Austraalje en net mei in automaat. Dizze wiken ha wy in auto mei automaat om yn te riden. Wat betsjut dat der mar twa pedalen by de fuotten sitte en dus gjin koppeling. Wat betsjut dat it proefritsje mei Imke hartstikke goed gie, oant der op de automatyske piloat ôfslein waard en hoppa.. Yn plak fan de koppeling wêr't de rem krekt wat te entûsjast yndrukt. Gjin panyk, neat oan de hân. Wol de skrik yn it liif. Mar no is de oplossing fûn: yn de drokkere gebieden, giet de linker foet ûnder it rjochter bil. Ideaal en ek wer oplosse...
In hearlik relaxed plak is dit. Wat winkeltsjes, tichtby see, genôch restaurantsjes en barkes, muzyk op strjitte en sels in iepenbier swimbad mei útsicht op see mei wat boatsjes en de omlizzende eilânen. Juster op paad op in 'tall ship'. In âlde grutte houten boat naam ús de hiele dei mei. Twa kear ha we yn pak te snorkeljen west en dit kear wie it echt de moaite wurch. Prachtich koraal yn alle foarmen en foaral âldrôze kleuren, mar... ús grutte freon de skildpad wie der ek wer! Earst ien by in sânbank, dy lei rêstich op de boaiem te sliepen. De skipper sei dat it wêze kin dat hy miskien wat 'high' is fan de giftige kwallen dy hy yt (sjoch de Disneyfilm 'Finding Nemo'). Hielendal op it ein fan ús snorkeljen liet syn maat him sjen. En yn aksje noch wol. Prachtich bliuwt it om dizze bisten te besjen en om mei se mei swimme te kinnen. Om it ôf te meitsjen krigen we flak dêrnei út it neat noch in koarte tropyske reinbui op de kop, hearlik.
Yntusken besykje wy hjir ûnder dizze 'omstannichheden' it krystgefoel wat te krijen. De bussjauffeur helpt ús dêrby troch syn bus mei slingers te fersieren, kassières hawwe (gelokkich ûnder de airco) in frolike krystmûtse op en de hostels hawwe kitsch fersiersels ophongen. No moasten wy der ek mar oan leauwe... Sjoch foto!
-
23 December 2014 - 14:47
Friesemeren:
Bjusterbaarlyk sa moai.. silen .. op de foto.. Prettige Kerst dagen en goed 2015..
jullie zitten eerder dan ons in het nieuwe jaar..
Geniet ervan samen...!!! -
23 December 2014 - 18:59
Anny:
Wer mooi te lezen. Falt hjir ek net ta om it krystgefoel te krijen. Hurde wyn, rein en 14 graden. Wij matte us best ek dwaan. Fijne krystdagen tawinske. tut -
23 December 2014 - 20:03
Wilma:
De foto's binne jaloers-meitsjend! Wat is it dêr dochs prachtich.
Noflike krystdagen! -
29 December 2014 - 10:14
Sjoke:
Hoi Imke, erg leuk om je verslag te lezen, doet me denken aan mijn reis, alweer 12 jaar geleden, en geeft veel zin om het weer eens te doen ! geniet ervan... en als ik je een 'tip' mag geven om te doen : duiken op de great barrier reaf, t mooiste wat ik ooit gedaan heb daar ! succes en veel plezier (en leuk om je verhalen te volgen in het FRYSK !) groetjes Sjoke
-
30 December 2014 - 15:29
Mattie:
Wat prachtige ferhalen en foto's!
Genietsje der noch mar efkes fan.
Groetnis ut Easterein -
30 December 2014 - 19:51
Durk:
Dirk yde en imke,
We hawwe wer in prachtich byld fan jimme belibbingen(?).
Alfest in prachtich útein en de beste winsten foar 2015!
Gr. Durk
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley