Part #9 Sydney New Year's Eve
Door: Dys en Im
Blijf op de hoogte en volg Imke
04 Januari 2015 | Australië, Sydney
Mei ús lange dei riden, kamen we yn Bundaberg. Op himsels net in heechsteand toeristysk plak, mar wy binne dy kant út riden omdat de famylje Strathdee dêr wennet. De famylje wêr Dirk-Yde jierren lyn ferskeidene wiken troch brocht hat, omdat hy oan it wurk west hat foar Malcolm en syn bedriuw. It kontakt is altyd wat ûnderhalden en nijsgjirrich dat we wienen, woenen we graach efkes om it hoekje sjen by se. Gjin probleem seinen se, allinne mei it lyts detail dat se sels wat súdliker op fakânsje wienen. Mar we mochten wol in nacht yn harren hûs oernachte at dat wat útkaam. Alles wie mooglik makke: hjir leit de kaai, doch it sa mei de bêdeboel, tink hjir om mei de koelkast en oo ja, of we Nobby de hûn efkes farsk wetter en in bonke út de friezer jaan wolle. Mar fansels woenen we dat! Prachtich dat it sa koe en mocht, net te leauwen sa gastfrij. Foar Dirk-Yde moai om te sjen wat der allegear feroare is en wat der oan masjineboel by kaam is, foar Imke moai om te sjen en te hearren hoe it west hat en no is.
Nei de oernachting yn Bundaberg, kaam Kryst hieltyd tichterby. Dit soenen we meimeitsje yn Hervey Bay, 'de wachtkamer van god' sa ha we heard omdat in protte pensjonearden dêr hinne ferhúzje. Dat hearde mar best en moast altyd wêze. It foel allinne wat ôf. Amper krystgefoel, gjin winkel of supermerk iepen, gjin drankje of hapke mooglik yn in restaurant of kafee, want alles wie ticht. Logysk wie it dus ek at der gjin minsk te sjen wie op strjitte. Ûngesellich keal en rêstich. De ienige minsken wienen te finen op it strân. Famyljes dy dêr in picknick hâlde of cricket spylje. Wy ha mei in selsmakke ovenskoattel en in brownie út de oven mei iis (fan de benzinepomp) dochs besocht it Krystgefoel te krijen.
Fanút datselde Hervey Bay ha we in deitrip nei Fraser Island dien. Yn plak fan mei in Jeep gongen we mei in Jeep-eftige-bus it eilân oer. Der binne dêr allinne mar diken fan sân dy breed genôch binne foar ien wein en dy't troch it bosk hinne giet. Wy tochten earst dat it in gewoane standert bus wie doe't we ynstapten, no dat hienen we krekt wat ûnderskatten. De sjauffeur skeurde oer de paden, flak lâns de beammen, oer it strân, troch it sâlte wetter en soms wat ekstra gas om út it sân te kommen wêr de tsjillen yn fêst rûn wienen. Mei dat gefaarte binne we nei in âld skeepswrak gongen, nei in super fris beekje, in prachtich mar (wêr we de earste Friezen fan ús reis troffen hawwe) en it 'stille wetter' wêr it wetter super helder is en wêr ast it wetter net fallen hearst. In moai eilân mei in soad ferskillend moais, mar wat foaral bekend stiet om de dingo's. De wylde hûnen dyst echt net as hûn behannelje moast. Spitich genôch de hiele dei gjin dingo sjoen...
Ús folgjende doel wie noch wat súdliker rjochting Brisbane. Mooloolaba. Gesellich mei restaurantsjes, tichtby it strân en... It plakje wêr de famylje Strathdee harren fakânsje hâlde. Hjirtroch koenen we nei dat we Malcolm ferrast hienen (Kathy de frou fan, hie neat tsjin Malcolm sein!) de hiele dei mei se oplûke en sels by se yn it appartemint oernachtsje. Alwer sa gastfrij en ek noch super gesellich mei se. Leuk om de bân te sjen tusken foaral Dirk-Yde en Malcolm.
Mei harren binne we ek nei in ûnderwetter wrâld west. Kwallen, seeliuwen, roggen, seestjerren, skildpadden en fisken fansels. Allegear flak foar ús neus en sels rûnom ús trochdat der in soart glêzen tunnel makke wie. Machtich moai gesicht.
Ús twadde útstapke yn dizze regio om bisten te besjen. De earste wie Australia Zoo, de bistetún fan Steve Irwin. De wrâldwiid bekende crocodile hunter. Spitich genôch libbet hy net mear troch in stek fan de sturt fan in roch. Normaal in ûnskuldich bist, yn grut kontrast mei de krokodillen wêr hy oars mei omknuffele. Yn Australia Zoo ha we alle bisten sjoen dy we oant no ta foaral op boerden lâns de dyk sjoen hienen: felkleurde cassowarries as kamen se út de film Avatar, slieperige koala's high fan de eukaliptusblêden dy se ite, kangeroes dy sa makkelik en rap fuort hippe, allerhanne fûgels, goed ferstoppe en gefaarlike reptilen. Ien slang is de meast gefaarlike fan de wrâld en kin mei ien drip wol hûndert man deade. Gelokkich siet der in rút tusken.
Nei al it moais yn it noardeasten fan Austraalje wie it tiid om de auto yn te leverjen sûnder ekstra skramke yn Brisbane en fia de loft nei Sydney te gean. Dêr oernachtsje we foar de feroaring foar in wike op itselde plak. Ek wol ris lekker. We oernachtsje by Jennifer, dy har hûs (of in stik derfan) foar in bepaald bedrach beskikber stelle oan ús. Fijn wer ris om yn in 'normaals hûs' te wenjen. Jennifer kaam ús fan it fleanfjild heljen. Se blykt in frou te wêzen mei de beste bedoelingen, mar wol wat ferstruid. Se naam ús fuort mei nei in strân foar in picknick, mar ride as in gek oer de dyk. Measttiids ûnnedich op de rjochterbaan, wêrnei in middelfinger fan har as groet nei de passearjende toeterjende auto helpe moast. De ûntbrekkende linker spegel en har besykjen om by mei de auto fanôf it fleanfjild cash jild yn de automaat te stoppen by it útriden, sizze ek wol genôch.
Sydney. In prachtige stêd, mar mei as moaie kombinaasje mei oan de iene kant de drokte fan ferkear en minsken mei de winkels en gebouwen, mar fuort dêrby de boaten yn it wetter en de mooglikheid om yn in koart skoft by de strannen te wêzen. Net in ferkearde kombinaasje foar yn in stêd.
Op 31 desimber wie it nei de moarn en middei troch de stêd strune, tiid om in moai plakje te bewaken, sadat we fanôf dêr it fjoerwurk goed besjen koenen. Kleedsje op de grûn mei flierferwaarming fan de hitte fan de tegels en wachtsje mar. Om 9 oere koenen we al it fjoerwurk besjen foar bern, ek net ûnaardich, mar de klapper kaam dochs echt om middernacht. Muzyk (as soundtrack foar it fjoerwurk) út de speakers en de iene nei de oare kleurde klapper de loft yn dy oanslút op de tekst fan de muzyk. Sa hienen se fjoerwurksmileys by it ferske 'Happy'. It ein wie echt net te leauwen. Fjoerwurk links op de Harbourbridge, rjochts by it Opera House, boppe ús... It wie lestich te beslissen wêr te sjen, prach-tich. Net in ûnaardich begjin foar 2015!
-
04 Januari 2015 - 09:33
Midden Fryslàn:
Folle lok en seine jimme in 2015, Prachtig verhaal met mooie foto's...
jullie genieten er echt van,, leuk om het oud/nieuw daar te vieren met zo veel mensen,
prachtige vuurwerk,,, -
04 Januari 2015 - 10:52
Ankie Buis:
Folle lok en seine yn 2015! -
04 Januari 2015 - 11:15
Wilma:
De jaloezy stiget by my ta grutte hichtes ;-). Geniet de lêste 2 wiken noch fan al it moais wat Australie te bieden hat! Tot gau :-)! -
04 Januari 2015 - 13:03
Anny:
Nogmaals de beste winsken. ( mei no noch). Wer in mooi oersjoch fan wat jim dien ha. Geweldig sa at jim us op e hichte halde. Noch efkes en dan............oant dan. -
05 Januari 2015 - 16:50
Samme:
Whooo, Levengenieters
Wat sjocht it der wer specteculair ut, mooi verhaal oer jim belevenissen.
It is ek best leuk om efkes een kiekje oer jim skouder mei te sjen.
Geniet der noch mar efkes fan lieverds have fun -
06 Januari 2015 - 15:03
Margriet:
Elke keer weer nieuwe belevenissen, verschillende onderkomens en bijzondere ontmoetingen.
De vluchten gepland, maar verder alles zelf ingevuld, elke dag is even mooi en heeft of krijgt wel weer een speciale invulling.
Maar met het begin van het nieuwe jaar is voor jullie ook gelijk het aftellen begonnen, de 'knyn-tsje' dagen zitten er al bijna weer op.
Nog nooit langer dan een paar dagen samen op vakantie geweest, super dat het zo goed gaat. Volgens mij vullen jullie elkaar mooi aan, de ene foto straalt :-) nog meer dan de andere.
Geniet nog maar even van alles en iedereen om jullie heen vanuit het knusse campertje.
Oant oare wike .......
Groetnis út 'e Ryp
-
06 Januari 2015 - 21:35
Amanda Hoekstr:
Hey Imke!
Ik hoorde van de week toevallig in de teamkamer van Anne Marij en Rianne dat je op reis was gegaan en te volgen was via deze site. Wat geweldig om te zien en te lezen dat die droomreis waar je het vorig schooljaar over had ook echt daadwerkelijk gelukt is. En dan ook nog met je vriend, zodat je elkaar alles mooi kon laten zien. Lijkt me echt een super ervaring! Hoop nog eens wat van je te horen als je weer terug bent in Nederland, heb vorig schooljaar erg veel van je geleerd en heel veel plezier met je gehad!
Groetjes,
Amanda Hoekstra.
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley