Part #7 NZ moai ôfsluten
Door: Dys en Im
Blijf op de hoogte en volg Imke
15 December 2014 | Nieuw Zeeland, Christchurch
Nei in pear oeren in koarte stop yn Punakaiki foar ús lunch en de 'Pancake Rocks'. Dizze pankoekrotsen bestean út kalkstien dy lykje op opsteapele pankoeken. Dit binne lagen seebisten en planteresten dy troch in grutte druk dizze foarm krigen hawwe. Dêrneist brekt de Tasmansee by heech wetter troch blaasgatten hinne, et voilà: the 'blow holes'.
Ûnderweis feroaret it lânskip wer wat. In soad beekjes binne der te sjen dy útkomme yn de rivieren. Sommige rivieren mar foar de helte fold, fierder allegear rûne stiennen. De stikken natuer noch altyd propfol mei ferskillende planten en beammen en...skiep! De kij stienen dik foar yn de tuskenstân, mar de skiep witte goed werom te kommen. Dit bliuwt ek sa it lêste ein fan ús trip yn Nij Seelân.
De reis gong nei Franz Josef. Dy stiet bekent om de gletsjers. Net hiel ûngemaklik kinst by in gletsjer komme. Dizze leit moai oan it ein fan de bergen, mei dernei hjir en dêr wat wetterfaltsjes. Dizze grutte massa iis beweecht noch altyd. Dit wie troch Dirk-Yde ek goed te sjen. Sûnt hy hjir yn 2008 west hast, hat it iis him mei sa'n 200 meter werom lutsen. Mar sa komme der op oare dagen ek wer sintimeters by. Der wienen ek stikken wêr ast net stil stean bliuwe mochtest yn ferbân mei fallende stiennen. Dit heart spektakulêrder dan it wie, mar dochs binne der in pear jier lyn op ditselde plak twa toeristen omkommen. Sy wienen dan ek krekt wat té nijsgjirrich tichtby kaam. Wy ha feilich efter it stek sjoen nei de dochs wol wat smoarge iismassa.
De oare deis fierder. Op nei Wanaka. Spitich genôch kamen we der healwei dy rit pas fia de Loneley Planet efter, dat atst noch tanke moast, dat Franz Josef wol handich west hie. Oant it plakje Haast ta binne der ûnderweis namlik gjin tankgelegenheden. Werom ride wie foar ús gjin opsje, want dat hie dochs gjin sin kwa ôfstân. Dochs brâne it lampke fan de brânstof op in gegeven momint wol hiel lang. Noch sa'n sân kilometer oant Haast en doe sei ús auto, sykje it sels mar fierder út. Wy kamen, nei wat prakkesearjen, oant de konklúzje dat liften in opsje wie. Dus de tomme omheech en fuort by de twadde auto mochten we al by it Britse froutsje ynstappe. Se tocht earst even dat we fan de polysje wienen. In tankje mei fanút Haast en wer dy tomme de loft yn foar de weromreis. De earst folgende stoppe fuort en sa seagen we ris in famyljekamper fan binnen. Ideaal sa. Ek wer oplosse!
Wanaka. Wat efterôf, sûnder it út te sprekken, Dirk-Yde syn favorite plak wie, wie yntusken ek Imke's favoryt wurden. It lêste stik der nei ta kamen we al prachtige markes tsjin. De marren mei op de eftergrûn de griene bergen mei rotsen en wite topkes, in soad kleurige blommen meí hearlike geuren. Sa bleek Wanaka ek te wêzen. Ús hostel hie in prachtige lokaasje mei útsicht op dit moais en oan de râne fan it sintrum.
Ús aktiviteit wie dêr mountainbiken. Helm op, tas mei focht en iten mei en op nei wat paadsjes. Ien kear dêr ha we in rûte útsocht en dat hat ús de hiele dei wol dwaande hâlden. Heuveltsje op en ôf, bochtsje links en rjochts en wêrby we net sûnder remmen en skeakelje koenen. (en skuon, want we moasten ek wol ris ôfstappe) (oké, foaral Imke). Oan it ein fan de dei die bliken dat de rûte ambisjeus genôch útsocht wie en we wienen dan ek bliid dat we der wienen. Ús billen wienen ek bliid dat we der wienen.
Gelokkich koenen we de jûns ús rêstich del jaan yn de pleatselike bioskoop. In geniale bioskoop, want yn plak fan stuollen ha se dêr foaral retro (ek wol âlde) banken stean wêr ast hearlik yn sitte kinst. Gouden útfining.
Queenstown. It folgjende plak, seker ek yn ús favoriten list. Genôch te dwaan, te belibjen (sorry Pieter, gjin bungee) en dêr ha wy 'canyoning' mar ris probearre. En hjir ha we seker gjin spyt fan krigen, wat ge-wel-dich om te dwaan. "Canyoning is een sport waarbij men de loop van een rivier door een kloof volgt. Om de rivier te volgen is het daarbij nodig te wandelen, te klimmen, te springen, te zwemmen en te abseilen." Aldus Wiki. Wat in kick jout it om de djipte yn te springen, dysels los te koppeljen fan de kabel en sa it wetter yn te plonsen. Machtich moai.
Nei de sport mei in soad adrenaline, in oare moaie sport, typysk foar hjir: diskgolfing. Mei in platte krekt-wat-swiedere frisbee in parkoer troch it park ôflizze yn sa min mooglik kearen. Achttjin holes en hiel wat gatten yn beammen en yn de frisbee sels letter... witst Dirk-Yde fansels mei ien punt ferskil de winst binnen te heljen. Nochris fan herte hjirmei.
Neigenietsjen fan de winst die Dirk-Yde mei de Fergburger. Imke hie oan it genietsjen fan de fergburger sels wol genôch. In legindarysk lekkere hamburger, wêr standert in super lange wachtrij stiet fan moarns (ja der binne ek minsken dy dêr moarns al nocht oan hawwe) oant jûns. Jummm!
Om it ferhaal noch langer dan lang te meitsjen, mar om it haadstik fan Nij Seelân al ôf te sluten, moat Milford Sound der dochs echt by. In doarpke dat net op de kaart stean soe kwa grutte, at de natuer dêr net sa bysûnder moai wêze soe. In dea rinnende dyk brocht ús dêr. Sa'n trije oant fjouwer oeren ha wy fanút in kayak mei twa gidsen by fjorden, seeliuwen en wetterfallen lâns west te faren. Ien gids kaam der troch ús efter wêrom Frisian cows hite sa at se hite: "Oo I thought Frisian was just a funny word!". Sels noch in glimp fan dolfijnen sjoen. Opnij prachtige útsichten, dy noch altyd net ferfele. We ha sels efkes in douche nommen by in wetterfal. Wat in krêft hat it delfallende wetter!
Foar ús flucht fanút Christchurch ha we oernachten yn Oamaru. It plak, sa die bliken, wêr pinguins spotte wurde moatte. Dy stie noch op it listje, dus ek wy fanatyk op syk. Tiden wachtsje op it frjemd rinnend bist en ja hjer ek wy ha se sjoen! De 'yellow-eyed' pinguin kaam moai op syn gemakje lâns rinnen. Gordon (in wat âldere man dy ús spontaan yn de Mac oanspruts) hat ús jûns noch de blauwe fersy sjen litten, wylst dat normaal hiel toeristysk dien wurdt mei tribunes en sa. Bysûndere bistjes, dy sjoen harren lingte aardich lûde en rare lûden meitsje.
En sa kaam der in ein oan diel twa fan ús toer. In lân yn grut kontrast mei it foarige lân, yn alle opsichten. Beide mei harren sjarmes en op harren eigen wize. Op nei it tredde en lêste diel, Austraalje!
-
19 December 2014 - 14:04
Durk:
Wer in pracht beskriuwing fan fan dit bysumdere lan. It liket my ekwol wat. Natoer, aksje, ensf. Wer bedankt foar dit forslach. Wy gean no nei us ski aksje. Durk en margriet -
19 December 2014 - 14:26
Wilma:
Bliuwt prachtich om jim belibbenissen te lêzen.
En no it lêste diel fan jim reis: Australië! Bliuw lekker genietsjen, net dat ik dêr oer yn sit hear ;-)! -
19 December 2014 - 18:46
Anny:
Net te leauwen sa mooi beskreun. As hiene we der sels west. Geweldig. Gean sa troch soe ik sizze.
No it leste ein noch. Hoop dat jim o sa genietsje sille, dan kin wij dat fan jim ferhalen.
Groetnis fan us -
21 December 2014 - 14:49
Judy:
Och och de tank wer leech...
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley