Part #6 Wat in aventuer
Door: Dys en Im
Blijf op de hoogte en volg Imke
06 December 2014 | Nieuw Zeeland, Wanganui
Normaal bringt in bus dy fan it einpunt nei it startpunt, mar it waar wie net sa best, dus der riden gjin bussen. Dêrom sels op paad mei ús eigen auto nei it begjin fan de 'track', mei it idee sels oant de helte te rinnen oant de top en werom. Ien kear dêr... Rein en wiete snie! No wiene we oeral op tarieden, mar dizze wiete boel stie net yn de planning. Alle oare auto's dy't oan kamen riden, gongen nei in skoftke wer fuort. Sy seagen it net sitten. It sil dochs net sa wêze dat we foar neat hjir hinne gongen binne?
Mar we binne net fan sûker en desnoads gongen we in heal oere dy kant út en werom, dan ha we it yn elts gefal besocht. Wy dus op paad. Litte we ûnderoan by de tiennen begjinne te beskriuwen wat we om it liif hienen. Dirk-Yde hie syn simmerskuon sûnder profyl oan en dêrby sokken mei dêrom hinne aluminiumfoly "foar de isolaasje", in gewoane lange broek mei dêrûnder syn Yndonesyske swimbroek, dêrboppe wat shirts, in trui, in Accon-Avm-reinjaske, in sarong as sjaal út Zambia en in petsje op fan Bali. Neat mear oan dwaan! Imke hie de All-Stars oan mei sokken (en wat better profyl) en dêrom plastic pûdsjes sadat de sokken net wiet wurde, in broek fan Annalien mei legging derûnder, dan 7 lagen oan himden, shirts en festen, reinjack en sjaal út Yndonesië. Dan noch foar beide, net ûnbelangryk, sokken oan de hannen as wanten. Tipke fan broerke Marten syn klim yn Yndonesië. In rêchsek mei genôch iten en focht, en go! Klear foar de barre tocht.
Dy barre tocht begûn eins wol rêstich. Der wie op iens gjin rein mear(!), prachtich útsicht, it paad noch wat flak en suver waarm troch it rinnen en al dy lagen. Toch mar wat lagen út. Op nei level 2. De toppen mei snie kamen tichterby en it paad waard wat steiler. Goed bewurke troch de minsken, dus ek noch goed te dwaan. Wol wat faker fan it útsicht genietsje en fuort wat op adem komme. Ûndertusken komme we in frou tsjin (tinke we), dy in skipak oan hat mei rinstokken, berchskuon oan en in skibril op. Dit liket der mar op!
Op nei level 3. It lêste stik rjochting de top. Dochs alle lagen mar wer oan en de capuchon op. Gjin dúdlikke paden mear, mar fan stok nei stok dy de rûte oanjouwe. Sels sa no en dan kabels of kettingen om dy oan beet te hâlden om net fuort te glydzjen. Yntusken neist de lytse losse stiennen ek de snie ûnder de fuotten. By Dirk-Yde binne hjirtroch wat mear slipbewegingen. Profyl hie dochs wol handich west... Yn de fierte seagen we al wat in wolk oankommen dy aardich rap ús kant op kaam. Dy ha we in bytsje letter fan tichtby besjen mochten! Ien kear op de top, koenen we noch hiel koart de omjouwing bewûnderje mar al gau begûn it hurder te waaien en sels hagel derby. Pynlik! Skûlje koe net want der wie neat oars as in boerd fan wêr we hinne moasten. Dirk-Yde koe troch syn klep fan de pet krekt wat mear om him hinne sjen, en socht de earstfolgjende peal wer werom op en Imke dêr in meter efteroan. Net te folle omheech sjen, want dan krychst de folle lading fán de hagel yn de snút. Echt heftich dêr, mar efterôf wol machtich om mei te meitsjen. Doe't we level 3 wer hân hienen nei ûnder ta, begûn de wyn wer wat te lizzen en de hagel liet him ek net mear sjen. Hjirtroch koenen we level 2 en 1 hast wol nei de auto ta drave. En sa seagen we op de werom reis ek pas wat foar moais der op de hinne reis efter de wolken ferstoppe siet. Wat in aventuer. En dan te betinken dat Dirk-Yde dizze selde Tongariro Crossing dien hat (yn 2008) yn de koarte broek..!
Nei dizze lytse 6 oeren rinne koene we fijn efkes bekomme yn de auto op nei Whanganui. Hjir wienen we sadat we noch wat oeren tichterby Wellington komme koenen. De oare deis ha we namlik de ferry nommen fan it Noarder nei it Suder eilân. Hy foer lâns allegear eilântsjes, lyts en noch lytser. Op nei Picton.
Boppe yn op it Suder Eilân leit Nelson. Wêr we beide foar it earst oan 'paragliding' dien ha. Dêrmei hienen we mazzel, want Stew (paragliding-ferslaafde) hie dizze perioade noch mar trije dagen fleane kinnen. We wisten net wat we ferwachtsje moasten, mar eins wie it echt relaxed. It yn-de-loft-komme is efkes spannend, mar dêrnei sweefst as in fûgel! En wat wy net wisten, is datst by paragliding gebrûk makkest fan opwaartse luchtstream. Krekt as by seefûgels dy dat bygelyks by de dunen dogge. Hjirtroch kinst sweve, mear hichte krije en sels wer op deselde plak lâne as wêr it begjin wie. In moaie manier om fan de natuer gebrûk te meitsjen en der tagelyk fan te genietsjen.
In oare manier om fan de natuer te genietsjen is de kombinaasjefan hiking en kayaking. Dit ha we op freed 5 desimber yn Motueka dien, yn it Abel Tasman park. Abel Tasman is tafallich in Nederlander dy dat plak ûntdutsen hie, mar troch de ymponearjende aksjes fan de Maori's net in stap op it lân doarde te setten.
Moarns binne we fia de 'Split Apple' (helaas Samme, wy ha der net op west!) en wat seeliuwen nei ús startpunt fan it rinnen brocht. Elk seit dat it Suder Eilân fan Nij Seelân moaier is dan it Noarder Eilân. Imke tocht dat dit net mooglik wie. Toch hat dit park sjen litten dat der dochs wer oare moaie kanten te sjen binne. Nei it rinnen en de lunch, koenen we fanôf it strân mei in kayak fierder. Dirk-Yde en Imke tegearre yn ien. Wat in team. Imke foarop de golven opfange en it tempo oan jaan, Dirk-Yde stjoere mei de fuotten (in kayak hat dus ek noch in roer) en oanpasse oan it tempo. Wer in moaie oare manier om de boel te besjen. En net samar rêstich efkes wat peddelje. Golven en wyn soargen derfoar dat der wol wat gebeure moast. Aksje!
Nei dizze aksje wie it tiid foar in hearlik waarme douche, in bakje waarme tee en.. ús DIY (=Do It Yourself) wite sûkelarjeletter opsnoepe. Jum! Dank u Sinterklaasje. En nee, VcB dames, dit zijn niet die van jullie, die zijn al láng op! :)
Oare kear mear oer it suden fan it Suder Eilân...
P.s. Heit (Durk), het rijden gaat inmiddels prima hoor. We rijden nu zo half om half en (tot nu toe.. Afkloppen!) geen probleem. De wegen zijn voorspelbaar en goed. Alles wordt goed aangegeven. :)
-
09 December 2014 - 10:22
Wilma:
Wat meitsje jim wer wat mei! Machtig om te lêzen! -
09 December 2014 - 12:34
Fryske Marren..:
Prachtige foto's.. Sneeuw zon.. wandeling,.. genieten,.. zo ik zie,, Het Fries lezen duurt wat langer dan NL.... maar dan maar even de tiid nimme...Nynke zondag met Haydn Muziek Festival in Groningen van de 85 deelnemers 2 de geworden,, en Prins Claus Conservatorium lessen.. super leuk en goed..
Dit weekend in Drachten concert voor de kerst ...
Jimme Protte wille ,.. ùt Midden Fryslàn . -
09 December 2014 - 13:22
Helga En Auke:
Wat wer een prachtig ferhaal. Jim meitsje der hiel wat mei.
folle plesier fjirder. -
09 December 2014 - 14:56
Margriet:
Bergen met sneeuw, paragliding, strand met zeehonden, kajakken, ik zie het wel, ik hoef niet verder dan Texel/Terschelling en Oostenrijk :-)
Wat weer een prachtig mooi beschreven verhaal. Zie jullie zo voor me hoe jullie daar die berg op- en aflopen met alu-folie en plastic zakjes om de voeten en Zambia doeken voor de warmte.
Overal goed voor hè Im .......
* Jullie krijgen de groetjes terug van oma. Haar kast droogt al weer mooi op :-)
We houden haar ook goed van al jullie belevenissen met foto's en filmpjes op de hoogte, super! -
09 December 2014 - 16:30
Pieter :
Mut eerlijk sizze dat die Tongariro crossing heerlijk wie yn mien t shirt en koarte broek.
At ik dit sa lêz krij ik it der suver kald fan ( mooi verhaal lekker gedetailleerd, koe hast peal foar peal yn gedachte mei rinne).
En idd abel tasman super vet.
nog mar in soad plesier de kommende dagen tawinske. (enne imke wol ff bungy jumpe yn qeeunstown no) -
09 December 2014 - 16:41
Ilse:
Wauw wat een avonturen, daar doe je het voor!
Winnen de Allstars het nog steeds van de Nikes?
Geniet! Tutsje fan Imre! -
09 December 2014 - 22:26
Dirk:
Imke en Durk yde,
Machtich teambuildingferhaal foar jimme beide. Is it ek wat foar Spirit ynste fan outdoor Appelscha? Moaie stukje, moaie ferwurde. Set sa mar troch. Heit
-
10 December 2014 - 11:29
Anna-Lynn:
Imke en Dirk Yde,
Wat in ferhalen en wat sjoche en doche jim in protte! Super leuk om sa fan jim reis mei te genietsjen! Geniet derfan yn Nij Seelan! Groetnis ut Ferwert
-
15 December 2014 - 21:15
Jan S:
Prachtig man. Geniet der fan! -
17 December 2014 - 16:12
Sjoukje:
Ek wy ha no jim reisferslaggen lêzen,prachtich.
En dat allegearre yn it Frysk....it ferhaal dochs de berch op te gean en de kleanbeskriuwing: top.
Margriet hat ús bypraat hoe mei Djiba om te gean,komt hjir yn de krystfakânsje.
Hans en Rixt binne fannemoarn ôfsetten nei Súd Afrika,goed 3 wiken lang.
Genietsje jim noch mar even,
Groet, Gerard en Sjoukje. -
18 December 2014 - 00:07
Ankie Buis:
hé Imke, (en Dirk Yde)
Ik hearde hjoed fan dizze site fan Jan Harm op skoalle en now kin ik dyn prachtiche ferhalen lêzen En jimme folgje!
Kinst hast yn boek skriuwe oer dyn aventueren in de wrâld :)))
Noch folle reisplesier en mar genietsje fan alles mar dat dochst toch wol!
Grt Ankie
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley