Part #1 Jakarta
Door: Dirk-Yd en Imke
Blijf op de hoogte en volg Imke
02 November 2014 | Indonesië, Batavia
Dêr gongen we dan! Nei moannen fan tarieding ferruilden wy ôfrûne freed it Hollânske maaitiidswaar foar de hitte fan Jakarta. It switten op strjitte stiet echter yn kontrast mei de iiskâlde airko fan de taksi's, hostels en winkels. Se ha hjir airko en elk mei it witte. Dat klinkt miskien as ha we it dreech hjir oan de oare kant fan de wrâld, mar lit dat no júst net de bedoeling wêze. Efkes in koart oersjoch fan ús aktiviteiten oant safier.
Sneon stie foaral yn it teken fan ús oankomst yn Yndonesië, de tocht nei ús hostel en dêrnei bekomme fan de reis. Ûnderweis koene we wat wenne oan de geur, planten, it ferkear en de manier fan riden (ja oan beide kanten ynhelje mei!). Jûns ha we foar it earst fan it pleatslike iten en drinken priuwe mochten. Gelokkich kinst dit sels sa pittich meitsje atst wolst.
Snein ha we Jakarta ferkent en ha we it Monumen Nasional besocht en de wyk Batavia. Atst dy graach yn de sfear fan 'bekende stjer' wane wolst, dan moast hjir wat rûn rinne. Der binne hjir net in soad Westerse toeristen en dus falt ús wite hûd, de lingte fan DY en it blonde hier fan Imke op. En... ynteressant genôch foar in soad minsken om fêst te lizzen. Soms 'stikem' mar it leafst mei harren sels derby op fansels.
Neidat we in pinda-kaas-fondue ('gado gado') en in sandwich nei binnen ta wurke hienen mei Bea en Alex oan de muorre, ha we yn in spiksplinternije tuktuk werom nei ús hostel sjeest.
Moarn tiid foar in lange treinreis...
-
02 November 2014 - 14:16
Annalien:
He im en dys!! Vanuit het 'koude' thialf veel plezier!! Was even goed lezen het fries maar het is gelukt..
Xx Annalien -
02 November 2014 - 16:19
Skutsjeskipper..:
Wat binne jim moai fut,, geniet er van,, protte wille jim .. oant sjen..****** -
02 November 2014 - 16:45
Wilma:
Leuk om no al jim earste belevenissen te lêzen en foto's te sjen!
Geniet! -
02 November 2014 - 17:46
Timothy:
Ha Frysk famke! Super dat jullie veilig aangekomen zijn! Leuk om updates te lezen. En mooie foto's! Inclusief selfies deze reis: da's nieuw :p Heel veel plezier!!! -
02 November 2014 - 18:10
André Tolsma:
Hiel folle plesier DY en Imke.
Fyn dat we it ferslag fan jimme reis wer krije.
We sjoche út nei jimme erfaringen en belibbenissen.
Genietsje!
Dikke tút fan de Tollies -
02 November 2014 - 18:12
Tineke:
Mooi dat wij jim sa folgje kinne. Genietsje fan jim reis! -
02 November 2014 - 18:25
Yde En Anny:
Fijn om al wat te hearen. Is it ferskil kwa lingte echt sa grut as op de foto liket?
Wol oan de goeie kant yn de trein sitten gean. Genietsje der fan
-
02 November 2014 - 19:56
Hans En Rixt :
Yo, samar yniens yn in hiel oare wrâld..!! Leuk om jim te folgjen mei byld en tekst. No al sin oan it twadde ferslach :-). Geniet fan al it moais om jim hinne en fan elkoar. Hoi! -
02 November 2014 - 23:44
Dirk En Margriet Oftewel Heit En Mem:
Imke en Dys on tour, maar wij waren vandaag ook on tour. Alle nieuwsbrieven en bedankjes van team Spirit afgehandeld, van Minnertsga tot Appelscha onder record warme temperaturen. (19o) Vanavond nog de afsluiting van de concourscommissie gehad .......
Jullie bedankt voor het eerste, vlotte verslag en dat er nog maar velen mogen volgen, gezellig!
Geniet van alles en iedereen om je heen en leg het vast. leuk later.
Tút fan us -
03 November 2014 - 13:07
Sanne:
Wat leuk om jullie te volgen, fijn dat er ook plaatjes bij zijn zodat ik het fries beter kan ontcijferen -
04 November 2014 - 10:38
Ilse:
Heerlijk! Als celebrities ontvangen en ook al vrienden met de plaatselijke gymnastiekvereniging!
Veel plezier met jullie trip naar het oosten, Bromo is waiting ;)
-
04 November 2014 - 19:54
Folkert:
It begjin is dêr en dit klinkt gelyk goed! Noch in soad wille de kommende tiid en genietsje folop! Ik sjoch út nei jim ferslagen! -
05 November 2014 - 09:55
Geart En Sytske:
Ah goeie,
Moai dat jim goed telâne kaam binne.
Wy sille nêst ús drokke libben jim reisferslagen mei in soad wille lêze (wa wit moat ik ús blog ek mar wer yn it Frysk skriuwe).
In soad wille yn Yndoneezje, groetnis fan om'e hoeke (Laos),
Geart en Sytske -
09 November 2014 - 11:17
Anna-Lynn:
Hey Imke en Dirk Yde,
Wat in leuk ferslachje, en wat ek in herkenning mei use belevenissen yn Vietnam ;-)! Jim in protte plesier en foaral ek trochgean mei it beskriuwen en festlizzen van jim avontoeren! Leuk!
Groetnis, Anna-Lynn & Steven
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley