Part #10  Knus yn de bus - Reisverslag uit Melbourne, Australië van Imke Leest - WaarBenJij.nu Part #10  Knus yn de bus - Reisverslag uit Melbourne, Australië van Imke Leest - WaarBenJij.nu

Part #10  Knus yn de bus

Door: Dys en Im

Blijf op de hoogte en volg Imke

15 Januari 2015 | Australië, Melbourne

Út it rút sjogge we op it momint fan skriuwen in wjuk en dêrefter ien wite lape fan wolken. We sitte yn it fleantúch op wei nei hûs. In prachtige tiid ha we han tegearre en no is it fijn om aanst wer yn it fertroude Easterein te kommen... 


Yn Sydney ha we genoaten fan machtich moai fjoerwurk mei âld & nij, mar ek ha we nei Manly Beach en it 'fan tillevyzje bekende' Bondi Beach (der rûn yndie in kameraploech rûn). Dat lêste strân wie krekt foardat wy der wienen yn it nijs west, omdat de strânwacht it haaienalaarm ôf gongen litten hie. Tichtby it strân wie in haai sjoen en dit gebeurt net sa faak. Behalve dan twa dagen letter doe't wy der wienen. Opnij wie der in alaarm op it strân! Wy sieten feilich op it droege en dus koenen we alle drokte en it wetter besjen. Mienen we sels in fin boppe it wetter út te sjen! Gehiel betrouber binne dizze observaasjes echter net. Soms sjochstwat sjen wolst toch?
Neist de strannen ha we Sydney mei alle bekende bouwurken fan ûnder besjoen, mar ek fan boppe fanút de hege Skytower. Én we ha mei de trein in dei nei de Blue Mountains west. De bergen ha wurklik in blauwe gloed fan de blêden fan de eukalyptusbeammen dy der in soad groeie. En wat in útsicht. Noch mear panoramafoto's binne oan ús argyf taheakke. 
Ien hiele wike yn Sydney, sa lang hienen we noch net op ien plak west. Mar dit gong rap, en dat is altyd in goed teken. 

Fan Sydney gongen we fia de loft nei Melbourne. Noch in lytse wike yn te foljen en it idee wie om mei in kamper(ke) de Great Ocean Road ôf te gean. Efterôf in super idee! Hearlik relaxed wie it om op dizze noch wer nije wize te reizgjen mei syn beiden. Oké, de wegen wienen net sa 'great' want regelmjittich wie it hobbel de hobbel en in gat yn de dyk. Mar sûnder haast en mei sa'n 40 km per oere ride by de diken mei bochten en maksimaal 90 oant 100 km per oere op de gruttere diken. Wol sa no en dan útfoege om romte te jaan oan de minsken dy krekt wat mear haast hawwe.
"Victoria - the place to be" stiet der op de nummerboerdplaten oer dizze staat. En dat is net moailik te betinken. De Great Ocean Road soarget foar in prachtige kronkeljende rûte lâns de kust. Mei de rotsen en al dy golven oan de iene kant en de tichte griene begroeiïng oan de oare kant. Dit stik fan Austraalje hat ferrassend moaie natuer, dat wat oant no ta net of amper oan Nij Seelân tippe koe. Dizze natuer kaam noch mear oant syn rjocht at we nei in oernachting op in camping yn Torquay kieze foar in oernachting sûnder camping. Gjin stroom (en dus de akku teste), gjin wc's, douche of farsk wetter, mar yn it bosk oernachtsje. Yn de middle of nowhere hienen we in plakje tusken de beammen dy't, troch de rein dy't earder fallen wie, de hearlike geur fan eukalyptus frij joech. We wisten dat der eukalyptus yn de blêden fan de 'gumtrees' (dy de koala's ite) siet, mar no wie it hielendal net te missen. 
It moaiste momint wie noch doe we bûten by it gassteltsje sieten te iten sieren en dat der wallabies rêstich foarby kamen hippen en út in wetterplasse dronken flak neist ús. Prachtich. Ek seagen we foar it earst de (troch ús neamde) 'smurfmosk'. Dit is in brune mosk sa at wy dy kinne, allinne liket it as de fûgel mei syn kop yn de felblauwe ferve fallen wie. Moai fûgeltsje. Jammer allinne dat se der net fan hâlde om op de foto te kommen, we hienen him graach fêst lein.
Dirk-Yde hie oan it ein fan de dei de winsk fan rein foar de nacht útsprutsen en dy winsk kaam út. Dus rap de backpacks foaryn de auto del lizze, de wenkeamer omtoverje nei sliepkeamer, rap tosken poetse en nei 'de wc' en de gerdyntsjes ticht foar noch in nacht (méi rein op it dak) knus yn de bus.

Op ferskillende plakken oan de Great Ocean Road ha we genoaten. Allinne al fan it eilân-fakânsje-gefoel. It strân mei gefaarlik hege golven dy altyd noch grutter binne dan se lykje, it strân mei begjinners golven foar ús om (in poging te dwaan om) te surfen, it strân mei de 'twelve apostles' as ien fan de grutte toeristyske trekpleisters oan dizze rûte... En sa mar troch.
It lêste stik fan dizze Great Ocean Road is krekt Texel XL. De stugge struken, markes mei reid, dunen mei allegear gerssoarten, tichtby see en fansels it kampeargefoel. De mislearre pankoeken en in lege akku troch de ljochten oan stean te litten fersterke dit gefoel. 
In grut kontrast mei it gefoel dat we ek yn dizze wike krigen by it drama dat plak fûn yn Parys. Helaas alwer nijs dat sa grut is dat it de hiele wrâld oer giet...

Ús rit mei de kamper eindige wer yn Melbourne, de stêd dy seker de moaite wurch is om noch trije nachten te oernachtsjen. In moai hostel yn it sintrum soarge derfoar dat we maklik foar de lêste kear in stêd ferkenne koenen. Mei de kwalifikaasjewedstriden fan de Australian Open (mei Timo de Bakker foar Nederlân!) en in demonstraasjewedstriid fan Rafael Nadal tsjin û.o. Mark Philippoussis en Fernando Verdasco as ôfsluter. Wat in geweldich gesicht om dy toptennissers sjen te kinnen mei san behearsking en power by it spultsje. En wat begûn as in wedstriid tusken de lângenoaten Nadal en Verdasco mei sa no en in grapke en wat ynteraksje mei it publyk, eindige yn twa spilers dy harren ôfsluten fan it publyk en sjen lieten net ferlieze te wollen, ek al stie der (behalve prestiizje) net in soad op it spul. Nadal wûn.

In momint bliuwt hingjen fan in jonge dy mei sân freonen yn it sintrum fan Melbourne in optreden joegen foar foarbygongers. Se hienen in sjo mei dûns, muzyk en grappen, en bestienen út in groep fan allegear ferskillende kultueren, ôfkomst, soarten en maten. Dizze groep beluts it publyk der by, dy út noch mear kultueren, leeftiden, ryk en minder ryk, soarten en maten bestienen. Prachtich hoe se sjen lieten séls lol te hawwen, mar ek in laits besoargen op de gesichten fan it grutte publyk. Der is net in soad nedich om dit te berikjen, mar hy sei ek 'ha respekt foar elkoar, libje en lit elkoar libje'. Hielendal nei wat der de ôfrûne tiid yn de wrâld gebeurd, wie dit wol in pikefel momintsje hoe we dêr mei syn allen sieten.



...Noch hieltiid mei de felle wite wolken en gelokkich dyselde wjuk troch it rútsje, sitte we op ús reis werom nei hûs. It sit der alwer op. Dit ha we mar moai efkes mei syn beiden dwaan kinnen en ek wurklik dien. We kinne sizze dat we der alles út helle ha en hopelik is it net de lêste kear dat we san bysûndere tiid mei elkoar hawwe. Lit dit ferhaal dêr in oantinken foar wêze. Stikem sitte we al oer nije en oare bestimmingen nei tinken, mar earst mar wer mei beide fuotten feilich op grûn fan ús thús, op nei hûs!

  • 15 Januari 2015 - 12:08

    Midden Fryslàn:

    Weer een prachtig verhaal.. van een mooie vakantie,, nu weer met bij de benen op Fryske grùn,, met regen, harde wind,,, we sjogge elkande wol wer live,, my foto's en verhalen..
    Tigge wolkom wer in Fryslàn..!!

  • 15 Januari 2015 - 14:02

    Geertje:

    WOLKOM THUS NEI SA, N BYSUNDERE REIS!!!!

  • 15 Januari 2015 - 15:37

    Wilma:

    Prachtich leste reisferhaal! De laatste loodjes yn it fleantuch en moarn wer lekker yn Easterein!

  • 15 Januari 2015 - 16:10

    Karin:

    Wat ha jimme it lêste diel fan jimme reis wer prachtig ferwurde!!
    Jimme binne der hast. It sil wol wer wennen wêze, ek it waar.
    Mar hoe dan ek, jim binne hartstikke wolkom thús!!
    En dan binne we fansels hyl benijd nei jimme ferhalen en foto's!
    Tot gau!

  • 15 Januari 2015 - 18:34

    Yde En Annie:

    Wat wer machtig mooi beskriuwing fan jim aventoer, geweldig.
    Bedankt der foar. It wie eltse keer wer in ferrassing wat jim der belibbe hiene.


    Wolkom thus.

  • 15 Januari 2015 - 22:44

    Durk:

    Dirk yde en Imke,
    Prachtiche beskriuwing fan natoer en avonturen, mar ek de bysundere kontakten mei minsken en harren ideeën. Bysunder, bjusterbaarlik, rykdom, mar foaral neitinkend oer .......
    Tank foar de moaie berjochten en oant gau.
    Durk

  • 15 Januari 2015 - 23:47

    Margriet:

    Volgens mij al 11 weken geleden, brachten we (heit & mem) jullie naar Schiphol en op de terugreis gingen we bij IKEA aan en wezen we op de wereldkaart aan waar jullie naar toe gingen. Hebben we jullie nog een foto van gestuurd vlak voor vertrek. Gisteren stond ik bij zo'n zelfde kaart, IKEA Groningen en zaten jullie in dezelfde plaats die ik toen aanwees, nl Jakarta.
    Nee, ik ging niet naar Groningen voor IKEA, maar voor een 'poppeslok' bij Ilse met Annie.
    Onderweg hadden we nog sneeuwvlokken, de eerste in het Noorden deze winter. Dus de hempjes en slippertjes kunnen wel worden ingeruild voor iets warmers.......
    Op dit moment zitten jullie alweer in de lucht en bezig aan jullie laatste vlucht van deze mooie, bijzondere reis samen.
    We hebben genoten van jullie verhalen, prachtig inlevend beschreven en hoop dat er nog veel zullen komen .......
    Oant moarn!
    Tút, mem

  • 16 Januari 2015 - 21:28

    Margriet R.:

    Wolkom thús!
    Ha genoten fan jim ferhalen, hearlik lêsfoer!
    Xx

  • 17 Januari 2015 - 12:32

    Folkert:

    Ik ha genoten fan al jim ferhalen! Prachtich om te lêsen, wolkom thûs yn it 'ek' moaie Fryslân!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Imke

Actief sinds 11 Sept. 2006
Verslag gelezen: 3790
Totaal aantal bezoekers 129675

Voorgaande reizen:

02 November 2014 - 16 Januari 2015

Dys en Im on tour

21 Oktober 2009 - 01 December 2009

Ben er klaar mee!

18 Maart 2008 - 18 Maart 2008

Geld inzamelen

23 December 2006 - 23 December 2007

In Europa

12 September 2006 - 13 December 2006

Going to Africa

Landen bezocht: