Part #5 Natuerlik Nij Seelân - Reisverslag uit Wanganui, Nieuw Zeeland van Imke Leest - WaarBenJij.nu Part #5 Natuerlik Nij Seelân - Reisverslag uit Wanganui, Nieuw Zeeland van Imke Leest - WaarBenJij.nu

Part #5 Natuerlik Nij Seelân

Door: Dys en im

Blijf op de hoogte en volg Imke

01 December 2014 | Nieuw Zeeland, Wanganui

Auckland. De stêd wêr ús aventoer yn Nij Seelân begjint. En dat wie best efkes wenne. In oare kultuer, oare minsken, oar ferkear, oar iten en foaral in oar klimaat! Net mear dat waarme plakkerige, mar sels in ekstra trui pakke omdat it wat fris is. Hearlik eins! Alles rint hjir gestrukturearder, oeral ek boerden om dy oan fan alles helpe te herinnerjen en/of út te lizzen. 
Nei Auckland mei syn Harbour Bridge en Sky Tower wie it tiid om de natuer op te sykjen. En dat mei in hierde auto. It wie wat lestich om dat foar elkoar te krijen, mar úteinlik mocht Dirk-Yde besykje oan de linkerkant te stjoeren en te riden. Dit gong best! In mear frij gefoel sa mei de auto, we kinne gean en stean wêr en wannear we wolle. 

Ien kear de stêd út, seagen wy ús eagen út. Wat in grien. It is in miks fan loof- en nullebeammen, mar dan ek wer toefkes tropyske 'varenpalmbeammen' dertusken. Dy lêste is ít symboal fan Nij Seelân. It lânskip is Hollânsk troch de hearlik griene gersfjilden mei sels pearske klaver, stikken Eastenryk mei de sound-of-music-eftich gloaiende bergen en grazende kij, stikken Portugal mei de mear tropysk eagjende beammen mei de kleurige blommen. Sels Easterske stikken mei sa no en dan grutte stikken bamboestruken oan de kant fan de dyk. Alles sa grien en fris. Prachtich.
Wat fierder opfalt binne de huzen. De huzen sjogge der eins allegear út as grutte bungalows of houten Pipi Langkous huzen. Of in miks dêrfan. Dêrneist is de taal fan de Maori nochal opfallend. Krekt in babytaal wat ús betreft mei plaknammen as Tutukaka, Kawakawa en Waipapa. Koetikoetikoet (dat lêste is ús eigen babytaalwurd)...

Paihia wie ús doel mei de auto. In moai plakje dy oan it wetter leit, it wetter fan de saneamde Bay of Islands. Foar dizze kuststreek lizze 144 eilannen. In pear dêrfan ha we besjoen mei in syltrip fan in dei. Skipper Glen naam ús en noch 2 oaren mei op in tocht. Dit gong somtiden aardich skeef! Tuskentiids binne we ek oan it kayakken west en nei in lekkere picknick op in ûnbewend eilântsje, wer hearlik werom sile.
Ek wie Paihia in moai plak foar Imke om efkes it Ingelske riden foar it earst te besykjen. En behalve dat de rutenwiskers oangongen yn plak fan it knipperljocht, behalve dat se efkes oan de rjochterkant fan de dyk ride (oeps!) en dat de rjochterhân automatysk nei rjochts gong op it momint fan skeakeljen... Gong it best goed foar de earste kear!

De reis giet fierder. Lâns de kust op nei Waitomo. Ûnderweis ha we in stop makke by Tane Mahuta, de âldste beam dy se oant no ta fûn hawwe. Hjirtroch hat hy de namme 'Lord of the forest' krigen. Dizze beam is 31,5 meter heech en mei in omtrek fan 17,7 meter, en noch hieltiid oant groeien. Wer in moaie kreaasje fan 'moeder natuur'.
Ien kear yn Waitomo, ha we nei de Caves west foar de glow worms. Yn dizze kalkgrotten hingje tal fan wjirmen dy ljocht jouwe. Krekt in himel fol stjerren. Dizze ha we besjoen middels 'black water rafting'. Omdat der wetter troch dizze grotten rint kinst hjir ek trochhinne. Wetsuit oan (ynklusyf wetsokken en -skuon), helm mei lamp op en net ûnbelangryk: in soarte fan opblaasbân ûnder de kont. Machtich om sa troch de grotten en it iiskâlde wetter te banjerjen mei boppe ús de glimwjirmen.

Kilometers fierder mei lâns de dyk allegear knalgiele bloeiende bremstruken. In prachtich gesicht as ôfwikseling fan de grutte lapen gerslân mei kij. En dat yn Nij Seelân, it lân fan de skiep. Wy sjogge hast allinne mar kij yn de greiden. Ek in soad fan it Fryske soart.
Ûnderweis nei Rotorua. Ít plak om geisers en fulkanyske aktiviteiten te besjen. We ha de sneons dan ek aardich wat oeren yn in Wai-o-Tapu Park troch brocht. In waarmbronnenpark mei allegear ûnwerkelike kleuren (en geuren, bah!) wetter, rook, in wetterfal, felgiele swavelkristallen, terrassen en sierend hite modderpoelen... Ien gedielte hyt 'Artist's Palette', wat ús favoryt is, de namme en foto sprekke foar sich. We ha ús eagen út sjoen wat de natuer allegear sjen lit. 
De tiid yn dit plakje koenen we de jûns net better ôfslute as by in Polynesian Spa. In luxe saunakompleks mei bûten baden en poelen fan hyt oant super hyt. Mei de ynmiddels bekende geur. En dêrby (net ûnbelangryk) útsicht op it mar fan Rotorua. 


  • 01 December 2014 - 09:59

    Familie ùt De Fryskemarren :

    Goedemorgen, '' ver fut menske''.. Jullie mooi in de zon.. genieten tussen de vissen onder water zag ik bij beppe op de kaart,, Die hier het weekend was voor koffie een praatje ,.. net als jullie heerlijke katten koffie poep hadden gehad,... Weekend heeft Nynke mee gedaan aan het Haydn Muziek Festival in Grunningen in Prins Claus Conservatorium .. van de 85 deelnemers zit Nynke bij de 8 besten ...
    Dus Finale komende weekend na Mariek's jidje .. en Sinterklaas ,.. spannende tiiden ,.. zie Nynke maar op you tube .. nynke maaike klarinet .. Ze is nu al weer naar les in Drachten dus vrij van school..
    De groeten en geniet er van op deze volgende nieuwe trip ... en vergeet Sinter Klaas niet te vieren .
    Protte sinne en wille ,..

    Oant Sjen ,

    De Dijkstra's.

  • 05 December 2014 - 19:07

    Durk:

    prachtich reis forslach. Moai dien mei skitterende foto's. In soad wille en kopje derby by it (lofts!) riden. Durk

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Imke

Actief sinds 11 Sept. 2006
Verslag gelezen: 555
Totaal aantal bezoekers 127656

Voorgaande reizen:

02 November 2014 - 16 Januari 2015

Dys en Im on tour

21 Oktober 2009 - 01 December 2009

Ben er klaar mee!

18 Maart 2008 - 18 Maart 2008

Geld inzamelen

23 December 2006 - 23 December 2007

In Europa

12 September 2006 - 13 December 2006

Going to Africa

Landen bezocht: