Part #3 Strân, see en snorkelje - Reisverslag uit Ubud, Indonesië van Imke Leest - WaarBenJij.nu Part #3 Strân, see en snorkelje - Reisverslag uit Ubud, Indonesië van Imke Leest - WaarBenJij.nu

Part #3 Strân, see en snorkelje

Door: Dys en im

Blijf op de hoogte en volg Imke

17 November 2014 | Indonesië, Ubud

Lombok hat ten noordwesten trije moaie lytse eilannen lizzen: Gili Air, Gili Meno en Gili Trawangan. Wy binne fanôf Lombok begûn op it rêstige Gili Air. De reis der nei ta wie al in hiele belibbenis. Op de earste houten slowboat pasten we helaas net mear, der mochten maksimaal mar tweintich minsken op. De folgende boat moast en soe foar ús wêze en dat slagge gelokkich. Ûnder geselskip fan sa'n 48(!) oaren gongen we op reis nei de oare kant mei alles der op en der oan. Al skommeljend gongen we dy kant út. Op sich net in probleem, mar ús backpacks leinen mei dy fan in Brits stel hielendal foarop de punt fan de boat. Dy tassen leinen gefaarlik tichtby de râne en waarden best wiet fan it opspattende wetter. De jonge fan it Britse stel hat noch freonlik frege, sa't se dat dêr sa goed kinne, at de bagaazje miskien krékt wat oars lizze mocht.. We hawwe aardich gniisd kinnen om syn droege humor en opmerkingen, prachtich!

Wy dienen dus as earste Gili Air oan, dit eilân leit it tichtste by Lombok. It is in grien en rêstich eilân sûnder auto's, brommers of oar drok ferkear. Kinst dysels ferpleatse mei in fyts, in karke mei in hynder derfoar of rinnende. Dat joech al in hearlik relaxste sfear. We ha dêr hearlik oan it strân sitte kinnen, wat ite en drinke, genietsje fan de sinsûndergong, mar foaral ús nije hobby: snorkeljen! Wat in feest om fan ús húske in pear meter nei it strân te rinnen, ûnderweis in snorkelsetsje op te pikken en sa it wetter yn it stappen. Hoechst net in soad muoite te dwaan om fuort allegear moais ûnder wetter te sjen. Betiden waanden we ús yn in akwarium omringt mei prachtige koralen, fisken en wylst ús snorkeltrip sels seeskildpadden (!). Wat in prachtbist om te sjen. Hoecht dy swimt, sa no en dan mei de kop boppe wetter komt en him foaral neat fan oaren oan lûkt.

Dit snorkeljen ha we fierder setten op it eilân Gili Trawangan. Mei ien ferskil dat we 'foar de doar' skildpadden besjoen hawwe! Net mei in trip of oare toeristen. Allinne wy, de skildpadden en al dy oare sebra-, clown-, mini-, neus-, groeps-, ljochtjouwende-, disko-, reinbôge- en al dy oare fisken! (de nammen fan de fisken binne net betrouber mar gehiel ynspirearre op it úterlik fan dizze fisken) Spitigernôch gjin ûnder wetter foto's...
Neist al dit moais, rûn der noch wat moais rûn op dit eilân (naja rinne): broertjelief Marten! Fan te foaren wie it yn teory in mooglikheid om elkoar te treffen, mar yn de praktyk noch mar de fraach. Dochs is it slagge en ha him tegeare mei syn freon Stef we elkoar troffen. Gesellich efkes, 'kort maar krachtig' sille we mar sizze, want de oare deis (tongersdei) is Marten alwer der fan troch gongen.

Sels binne we ôfrûne sneon fierder gongen per (fast)boat nei Amed. Op ús lêste eilân fan Yndonesië: Bali. Dizze streek op noardeast Bali is tige populair by dûkers en snorkelaars (dat binne wy dus). Dit komt bynammen troch in twatal skipswrakken dy krekt foar de kust lizze, sa'n 30 km byinoar wei. Dit moasten wy fansels mei ús eigen eagen besjen, dus binne we earst op in hierde scooter en mei twa snorkelsetsjes ôfsetten nei in Japans wrak. Dêrnei binne we oer de kronkeljende kustdykjes nei in grutter wrak riden: de USS Liberty. Op 11 jannewaris 1942 (it is dan midden yn de oarloch en Yndonesië wurdt beset troch Japan) is dit Amerikaanske frachtskip fan 120 meter lingte twa kear rekke troch in Japanske ûnderseeër. It kin net mear fierder en strandt op de kuststrook. Ús besite wie dêrtsjinoer in echt hichtepuntsje, want rûnom it wrak waarden we omringt mei talleaze grutte en lytse fisken (en dûkers). Ferbazingwekkend wie it hoe it koraal harren ûntwikkele hat op de boat en dat levere in moai plaatsje op. 

Nei we dy jûns ien fan ús lekkerste gerjochchten hân hienen (smaakfolle beppe-sop, in hearlike curry, mar foaral dy geweldige sûkelarjemousse mei iis, jum!) binne we op bêd gongen. Net mei in geweldige nachtrêst troch in foarby ridende ferkear, mar wol klear foar ús ferfolch nei Ubud.

  • 17 November 2014 - 13:20

    Margriet:

    Leuk Im & Dys om weer wat te lezen. Toch is het gevoel heel anders dan de vorige reis. Toen waren we afhankelijk van de stukjes op deze site (altijd heel spannend) en nu krijgen we allemaal mooie berichtjes en foto's tussendoor ge-appt.
    We brengen jullie route hier thuis ook op kaart, wordt al een mooi spinnenweb :-)

    Groetnis út 'e Ryp

    * Gisteren naar Marten in Amsterdam geweest, ook weer thuis na drie week Indonesië.

  • 17 November 2014 - 13:43

    Wilma:

    Geniet noch fan jim lêste dagen yn Indonesie! En dan op nei Nij-Seelân, in moai foarútsjoch!

    En Imke... Hast it resept fan de sûkelade-mousse meinaam nim ik oan ;-)

  • 18 November 2014 - 12:31

    Anita:

    Hallo im en dys, mooie verhalen hoor. Kan me helemaal inleven en zie alles voor me. Zo zijn we er ook een beetje bij. Veel plezier nog. Dikke tût van ús.

  • 18 November 2014 - 13:01

    Mem:

    Hoi, hoi,
    Wat wer in mooi verslag fan alle wat jim belibje. Bin it mei Margriet iens dat se fynt dat it gefoel oars is as de foariche keer. Foar myn gefoel bin jim hielendal net sa fier fuort. komt tink troch de app.

    No is de leste wike alwer oanbrutsen yn Indonesie. Genietsje noch mar efkes en dan op nei Nij Seelân.
    tut us

  • 19 November 2014 - 10:20

    Klaas:

    Goeie Imke & Dirk-Yde,

    Moaie ferhalen en wat binne jimme moai fuort!
    Us leden binne fansels wol nijsgjirrich wêr harren foarsitter en syn freondinne 'úthingje'...
    Dus we ha jimme op de thússide fan www.kfeasterein.nl setten.
    Sjoch oan de rjochterkant yn it menu.

    We winskje jimme in prachtige tiid en goeie reis!

    Groetnis.
    Webmaster KF Easterein
    KP

  • 24 November 2014 - 22:25

    Muoike Geertje:

    Hoorde van margriet dat jullie reis via waar ben jij.nu is te volgen. Wij zijn 35 Jaar!!! Geleden ook bij de borduur geweest en de promo vulkaan. Herkenning dus. Geniet van deze fantastische reis!!!!

  • 27 November 2014 - 07:45

    Marije:

    Leuk om de ferhalen en belibbenissen(?!) te lesen! Genietsje fan de reis en alle dingen dyt jim tsjinkomme:D

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Imke

Actief sinds 11 Sept. 2006
Verslag gelezen: 835
Totaal aantal bezoekers 127652

Voorgaande reizen:

02 November 2014 - 16 Januari 2015

Dys en Im on tour

21 Oktober 2009 - 01 December 2009

Ben er klaar mee!

18 Maart 2008 - 18 Maart 2008

Geld inzamelen

23 December 2006 - 23 December 2007

In Europa

12 September 2006 - 13 December 2006

Going to Africa

Landen bezocht: