Part #2 The way to the Gili's - Reisverslag uit Gili Air, Indonesië van Imke Leest - WaarBenJij.nu Part #2 The way to the Gili's - Reisverslag uit Gili Air, Indonesië van Imke Leest - WaarBenJij.nu

Part #2 The way to the Gili's

Door: Dys en im

Blijf op de hoogte en volg Imke

10 November 2014 | Indonesië, Gili Air

De treinreis fan ferline wike moandei fan Jakarta nei Yogyakarta wie efterôf erch goed te dwaan. Ûnderweis seagen we it flakke, droege lânskip feroarjen yn mear heuveleftich grien. Oan it ein fan de middei kamen we oan yn de kulturele haadstêd fan Yndonesië (aldus ús reisboek). Dizze stêd ademde mear sfear út as de haadstêd en stie ús dêrtroch fuort mear oan. 

Neidat we de iene dei Yogyakarta al slenterjend ferkend hawwe, koene we de dei dêrnei net om de twa hichtepunten fan de omjouwing hinne: de Borobudur en de Prambanan. De earstneamde is it grutste boedhistyske monumint (ús gids wie allinne moslim :)) fan'e wrâld en is opnaam yn de werelderfgoedlijst fan Unesco. Dat dit it gefal is, kinne wy ús wol yntinke. It ymposante bouwurk hat namlik ek yndruk op ús makke. Yn te tinken dat de stiennen fan it plak ôfhelle binne en stik foar stik troch middel fan nûmer, wer werom op it goeie plak del setten binne. Hast alles sûnder semint, dit yn ferbân mei trillingen fan de ierde. Dizze wurde sa better opfongen.
De Prambanan is in fersameling fan tal fan hindoeïstyske en ek in oantal boedhistyske tempels. Nei de lunch binne we hjir ôfsetten. In ferplichte omslachrok mocht net ûntbrekke. Opnij wienen de bouwurken grut en ymposant. Al kinne we net om alle losse 'boustiennen' hinne dy wat opsteapele neist de timpels al skoften wachtsje om noch yn elkoar setten te wurden. 

Tongersdei krych in hiel oare ynfolling. It komt der op del dat we fan 'yes mister only 10 hours' úteinlik san 14 oeren dienen om fan Yogyakarta nei Cemoro Lawang te gean. Dit is net samar in plakje, mar it plak dat it tichtst by de Bromofulkaan leit. En lit dy 'heilige berch' no krekt ús bestimming wêze. De jûns binne we nei de reis sa rap mooglik sliepen gongen, omdat it in must is om moarns betiid de sunrise fanôf de fulkaan mei te meitsjen. 
Dus dêr gongen we: wekker om 3.30 oere, rap yn de klean, banaan en bûslampe yn de hân en yn it pikke tsjuster op nei de fulkaan. Mar it paad fine foel best ôf yn it tsjuster, gelokkich wienen der genôch motortaksi's dy ús graach bringe woenen. Hjir koe DY goed wer syn ôfdingen yn de praktyk bringe. Hy begjint al hieltiid mear op syn heit te lykjen! Ien kear dêr, koenen we it paad noch amper fine, mar mei help fan in pear mantsjes en wat sinnestrielen is it dochs slagge. Rom op tiid en in prachtich útsicht, foaral omdat we no pas seagen wat we allegear om ús hinne hienen op ús wei hjir nei ta. Dêr ha we in skoft sitten. De sinne kaam der steeds mear by en de mist luts mear en mear op. En it moaiste noch, der wie eins gjin toerist te sjen! Dy kamen letter (of moat we sizze: te let?), doe't wy al alles besjoen hienen.

Nei dizze belibbenis binne we al slenterjend troch de 'dunen' werom rûn. Dêr in simpel ontbijt naam, ynpakke en troch. Mei in lyts buske binne we nei it fleanfjild fan Surabaya gongen. Dêr ha we in fleantúch pakt fan Lion Air (= altyd minimaal ien oere fertraging, sa blykt efterôf) nei it eilân Lombok. De muffe, drokke en klamme stêden hat yntusken al wat mear plak makke foar see, strân en minder ferkear. Nei Lombok is de reis nei Gili Air. Wêr gjin auto rydt en wêr it noch fijner is om te bekommen en foaral: te genietsjen! Mar dêroer de folgjende kear mear...

* Foto's binne der fansels, mar dy komme letter. Ynternet wurket krekt net goed genôch mei...

  • 10 November 2014 - 14:37

    Wilma:

    Tsja, Dirk-Yde is echt in soan fan syn heit ;-)....

    Komme der ek noch foto's?

  • 10 November 2014 - 14:54

    Helga:

    wat wer een moai ferslach. Bin benijd nei de foto's

  • 10 November 2014 - 15:06

    Skutsjeskipper:

    Bjusterbarlijk sa moai.. fut binne jim,, Beppe hat ek efkes dien site besjoen,, ùt weekend...
    protte wille my sinne en wille ùt midden Fryslàn..

  • 10 November 2014 - 19:10

    Heit En Mem:

    Bin it net hielendal iens mei Wilma, Yde /heit doart/wol net sa'n ein foart.
    Mar jim sjoche wol in soad, geweldig om te lezen.
    tut us

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Imke

Actief sinds 11 Sept. 2006
Verslag gelezen: 606
Totaal aantal bezoekers 127658

Voorgaande reizen:

02 November 2014 - 16 Januari 2015

Dys en Im on tour

21 Oktober 2009 - 01 December 2009

Ben er klaar mee!

18 Maart 2008 - 18 Maart 2008

Geld inzamelen

23 December 2006 - 23 December 2007

In Europa

12 September 2006 - 13 December 2006

Going to Africa

Landen bezocht: